Blog: Team Alyce krijt rûnlieding Twadde Keamer
It team fan kuorbalster Alyce hat op besite west by Lutz Jacobi yn Den Haach. Alyce en har teamgenoaten krigen earst in rûnlieding troch de Twadde Keamer. Sa lit Lutz in geheime trochgong sjen tusken de fraksjekeamers. Jûn is yn Bynt te sjen dat keamerleden, ministers en steatssekretarissen in skot weagje op 'e koer.