Syktocht Reahel smyt neat op

De pinautomaat op De Jouwer nei de plofkreak © Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
In nije syktocht fan de plysje by Reahel yn ferbân mei de plofkreak op 'e Jouwer earder dizze wike hat woansdeitejûn neat opsmiten. De ME waard ynsetten foar in ûndersyk nei spoaren, nei't der by de Tsjûkemar in ûnderdiel fan de pinautomaat fûn waard troch in kuierder. It stikje lei krekt bûten it gebiet dêr't earder socht waard.
Neffens de plysje binne de dieders net mear yn it gebiet. De plysje is drok dwaande mei it hearren fan tsjûgen en it neilûken fan de tips nei oanlieding fan de útstjoering fan Opsporing Vermist.