Hurdriders De Fryske Marren

05 jun 2014 - 10:46

De plysje hat woansdei 65 automobilisten op 'e bon slingere by ferskate snelheidskontrôles yn de gemeente De Fryske Marren. Nei oanlieding fan klachten hat de plysje op trije lokaasje in kontrôle dien. Op de Hege Dyk yn Sint Jânsgea rieden 27 bestjoerders te hurd. Op de Marwei yn Dolsterhuzen trapen 25 automobilisten it gaspedaal te fier yn en op de Geert Knolwei op De Jouwer waarden mei-inoar trettjin auto's flitst om't se te hurd rieden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)