Dief, dronken, gjin rydbewiis

© ANP XTRA
In 32-jierrige Ljouwerter is woansdei oanhâlden op fertinking fan stellerij fan in auto, it riden mei drank op en sûnder jildich rydbewiis. De plysje seach him riden en wist dat syn rydbewiis net jildich wie. Yn de Tjotterstrjitte waard de man oan de kant setten en miende de plysje in dranklucht te rûken. Doe't it kenteken kontrolearre waard, die bliken dat de auto in dei earder stellen wie op de Adoniswei yn Ljouwert. De bestjoerder hie yndied tefolle dronken en syn rydbewiis wie al fjouwer jier net mear jildich. Hy is ynsletten foar ûndersyk.
De plysje hat de bestjoerder en syn beide passazjiers oanhâlden, mar de passazjiers binne wer frijlitten, omdat se neat mei de saak te krijen hiene.