Kompensaasje Iselmarfiskers

04 jun 2014 - 21:04
  • Fiskers op de Iselmar

De Iselmarfiskers meie kommend jier 85 persint minder skobfisk fange. Yn ruil dêrfoar krije se kompensaasje fan it ryk en de provinsjes. Dat is de útkomst fan it debat yn de Twadde Keamer oer de weromrinnende fiskstân yn de Iselmar. It jier dat der minder fiske wurde mei, moat brûkt wurde om te praten oer in strukturele oplossing foar de fiskstân en de fiskers. It útstel fan steatsekretaris Sharon Dijksma koe rekkenje op in mearderheid yn de Keamer. Tongersdei prate de fiskers oer it útstel.

As sy net akkoart gean sil de steatssekretaris oare maatregels nimme en is de kompensaasje foar de fiskers fan de baan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)