Beurtskipke stekt Kanaal oer

04 jun 2014 - 20:00

In hûndert jier âld beurtskipke út Britswert is ferline wike it Kanaal tusken Ingelân en Frankryk oerstutsen. It giet om de Jonge Bouke dy't yn juny 1914 yn de feart naam is. Nei jierren fan tsjinst yn de omkriten fan Britswert is it skip yn Ingelân bedarre, mar it is op dit stuit op wei werom nei Fryslân. It skipke is opknapt troch de Ingelske leafhawwer Graeme Heap.

Hy hat it skipke no sa'n tsien jier yn besit en wol it skip opnij dope litte yn Britswert. Dat sil barre op 15 juny.

De oerstek fan it Kanaal is neffens saakkundigen opmerklik om't it skipke net boud is foar sokke swiere tochten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)