KNSB sil him beriede

De KNSB hat de gunning oan Icedôme ynlutsen, omdat de inisjatyfnimmers gjin keaper foar de eksploitaasje hie en net genôch finansierders fine koene. Dat seit KNSB-direkteur Paul Sanders. Hy fynt it spitich dat it hiele projekt net trochgiet. Neffens him geane de plannemakkers yn Almere wol troch mei de realisaasje fan in iisbaan. Mar de topsportstatus is fan de baan.
It reedridersbûn sil him no beriede op de takomst. Sanders fynt net dat it bûn nayf west hat: 'Al hebben we geen schoonheidsprijs gewonnen met de gehele procedure.'
Boargemaster Tjeerd van der Zwan fan Hearrenfean hie it nijs 'altyd al ferwacht'. De topsportstatus foar Thialf leit no foar de hân, sa fynt Van der Zwan. Syn boadskip oan de KNSB is dúdlik: "Aarzel niet en pak nu wat concreet is. En ga nu niet weer in allerlei luchtkastelen geloven."
Zoetermeer wie mei It Hearrenfean en Almere yn de race om de topsportstatus te krijen. Boargemaster Charlie Aptroot fan Zoetermeer rekkenet der op dat it TranSportium no de nije reedrydtimpel fan Nederlân wurdt.
In ferspilling fan jild en tiid. Sa neamt Johannes de Vries fan de lederied fan de KNSB de gunning fan de topsportstatus oan Icedôme yn Almere. Neffens him is benammen troch de striid rûnom dy status in grut jildbedrach ferlern gien. Dat jild hie oars yn de sport sels stutsen wurde kinnen en neffens De Vries hie dat ek moatten. Oft dit ferhaal noch in stutsje krije moat foar it bestjoer fan de KNSB wol De Vries earst oerlizze mei de rest fan de lederied.