ANWB wol SAR-ferfier oernimme

04 jun 2014 - 17:08

De ANWB hat ynteresse om it pasjinteferfier tusken de waadeilannen en de fêste wâl oer te nimmen, no't definsje ophâldt mei it SAR-ferfier. De ANWB soe it ferfier ek mei helikopters útfiere wolle. Der binne op dit stuit in oantal medyske helikopters stasjonearre yn Grins. Dizze helikopters soene neffens de ANWB maklik ynset wurde kinne foar pasjinteferfier fan de waadeilannen ôf.

Ek yn 2013 hat de ferfiersorganisaasje oanjûn dat se it ferfier oernimme woene, dit is doe net trochgien.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)