Data H'fean - Cambuur bekend

© Omrop Fryslân
Fryske fuotbalfans kinne alfêst twa belangrike data yn de aginda sette. De earste Fryske fuotbalderby tusken SC Cambuur en SC Hearrenfean stiet pland foar 19 oktober yn it Abe Lenstra stadion. Op 15 febrewaris is de return yn Ljouwert. Dat hat de KNVB bekend makke.
SC Cambuur begjint de kompetysje op 9 augustus mei in thúswedstriid tsjin FC Twente. SC Hearrenfean set útein mei in thúswedstriid tsjin FC Dordrecht, ek op 9 augustus.