Jurjan Wouda keeper by Cambuur

Jurjan Wouda © ANP
Sportklup Cambuur hat keeper Jurjan Wouda kontraktearre foar takom seizoen. De 23-jierrige doelman hat in kontrakt tekene foar ien seizoen. Dat meldt Cambuur op de eigen webside. Wouda stie it ôfrûne jier ûnder de latte by RKC Waalwijk. Hy spile earder al by FC Emmen en SC Hearrenfean. Mei it kontraktearjen fan Wouda is de Ljouwerter seleksje wat keepers oanbelanget kompleet foar takom seizoen.