Blog: Jacob krijt tips fan SKS-skipper Douwe Visser

G-sporter Jacob van der Meulen hat te silen west mei it Snitser skûtsje. Jacob en syn coach Jan Posthuma stapten oan board fan de Sneker Pan om fan skipper Douwe Visser in pear goeie tips te krijen. En dêrby gong it net allinnich om it silen, mar ek hoe't je je goed tariede op in wichtige wedstriid en hoe't je skerp en rêstich bliuwe kinne. Fansels mocht Jacob ek oan it roer fan it skûtsje.