Noch gjin taname Fryske banen

04 jun 2014 - 12:09

De Fryske ekonomy is noch net út de problemen. It oantal banen yn Fryslân sil pas nei 2015 tanimme. Dat docht bliken út in ûndersyk fan it UWV. Dit jier rint de wurkgelegenheid sels noch fierder werom en dat komt benammen troch de kollektive sektor. Der binne minder banen yn it ûnderwiis, de soarch, by banken en dat soarte fan bedriuwen. De yndustrysektor docht it wat better.

It tal útkearings rint werom, mar dat komt troch it tal simmerbanen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)