Jan Vlap nei Harkemase Boys

04 jun 2014 - 10:56
  • Jan Vlap, ONS Boso Snits, Sandor van der Heide
  • Trainer Willem Brouwer fan Harkemase Boys

Jan Vlap wurdt de nije trainer fan haadklasser Harkemase Boys. Dat hat de fuotbalklup woansdei bekend makke op de webside. Vlap is de opfolger fan Willem Brouwer, dy't earder oanjoech nei dit seizoen op te hâlden.

Brouwer koe it net iens wurde mei de technyske kommisje en besleat op te stappen. Vlap tekenet in kontrakt foar ien jier. Hy wie earder al haadtrainer by ONS Boso Snits. Op dit stuit is er trainer by ASV Dronten. Sjoerd Jan Eppinga bliuwt assistint-trainer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)