Bromfytsers op 'e bon slingere

04 jun 2014 - 10:15

De plysje hat tiisdeitemiddei 16 bromfytsers op 'e bon slingere op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert. By in kontrôle waarden 23 brom- en snorfytsers kontrolearre. By 14 die bliken dat de brommer opfierd wie. Ien fan de bromfytsen koe dêrtroch 86 kilometer yn 'e oere ride.

Twa bestjoerders krigen in bon omdat se gjin rydbewiis hiene en omdat de kinbân fan de helm net fêst siet. Ien fan de bestjoerders hie noch in boete fan 277 euro iepen stean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)