Problemen mei belesting B'him

De gemeente Ljouwert hat dizze dagen hûnderten telefoantsjes krigen fan ynwenners fan de eardere gemeente Boarnsterhim. Sy betellen de gemeentlike belesting altyd fia automatyske ynkasso, mar by it opgean fan de âlde gemeente yn Ljouwert is dat misgien. It gefolch is dat se te let binne mei it beteljen en in oanmaning krigen ha.
De gemeente wol dêr lykwols soepel mei omgean. Ek de oergong fan de Friesland Bank nei oare banken hat foar problemen soarge.