Plofkreakers noch altyd poater

03 jun 2014 - 16:55

De dieders fan de plofkreak op De Jouwer binne noch hieltyd net fûn. De grutte sykaksje by Reahel troch in helikopter, ferskate boaten, speurhûnen en de ME is tiisdeitemiddei om healwei fjouweren ophâlden.

Moandeitenacht waard op de Geert Knolwei op De Jouwer in jildautomaat fan in bank opblaasd. By de achterfolging hat de plysje sketten. De flechauto is weromfûn yn in sleat yn Reahel en dêrnei hat der in grutte sykaksje west. In resjerzjeteam sil alle oanwizings dy't mooglik fûn binne, fierder ûndersykje yn de hoop de dieders te finen.

De saak wurdt tiisdeitejûn behannele yn it televyzjeprogramma Opsporing Verzocht.

Trefwurden: 
De Jouwer Reahel plofkreak
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)