Achttjin nije bernesintra

03 jun 2014 - 16:41
  • Wethâlder Thea Koster by ûndertekening IKC's yn Ljouwert

De gemeente Ljouwert krijt de kommende jierren achttjin sintra foar basisûnderwiis en berne-opfang mei sport en kultuer. De sân bestjoeren fan basisûnderwiis yn Ljouwert en ûnderwiiswethâlder Thea Koster hawwe dêrfoar tiisdeitemiddei in konvenant sletten.

De skoalbestjoeren binne it iens wurden oer de ferdieling fan de sintra oer de wiken. De gemeente Ljouwert stekt de kommende alve jier mei-inoar 18,8 miljoen euro yn de húsfesting. Dat kin nijbou of ferbou wêze. De sintra hjitte IKC, Integraal Kind Centrum.

Proloog, de organisaasje foar iepenbier basisûnderwiis yn Ljouwert, is tefreden oer it spriedingsplan fan de IKC's. Lykas de PCBO mei Proloog ek in pear nije IKC's bouwe, fertelt direkteur Albert Helder. Fierders dogge ek it PCBO, de Frije Skoalle, de Ljouwerter Skoalferiening en it katolyk ûnderwiis mei. Sy krije allegearre in IKC.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)