3 jier easke foar dea poppe

03 jun 2014 - 15:01

Tsjin in 25-jierrige frou út Ljouwert is trije jier selstraf en tbs op betingst easke foar de dea fan har acht moannen âlde poppe. De frou hat it jonkje falle litten. Dêrtroch rekke er swier ferwûne. De poppe ferstoar letter yn it sikehûs yn Grins.

De frou hie problemen mei drank en drugs. Se wie ûnder ynfloed doe't it barde. Ut ûndersyk fan it Pieter Baansintrum docht bliken dat de frou borderline hat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)