Maatregels fiskstân Iselmar

Iselmarfisker
De fiskerij op de Iselmar wurdt definityf oan bannen lein. Dat hat steatssekretaris Dijksma skreaun yn in brief oan de Twadde Keamer. Fan 1 july ôf mei der in jier lang minder fiske wurde op bears en snoekbears, brazem en foarn. Se meie de netten minder faak útgoaie en de fiskperioade wurdt ek koarter.
Dijksma wol it gebrûk fan fisktúch foar de fiskerij op skobfisk mei 40 persint beheine. Fiskers krije kompensaasje op basis fan de eardere jieromset. Yn ruil dêrfoar meie se net prosedearje tsjin de steat.
Oant 2015 wurdt der in nij behearsysteem ûntwikkele mei in noch folle fierdere beheining fan de fiskerij. Der moat noch ekstra jild fûn wurde foar de sanearing fan de fiskersfloat.
De fiskerij moat beheind wurde om de fiskstân yn de Iselmar op peil te bringen. Dêr soe yn alle gefallen trije jier foar nedich wêze.