Rjochtsaak oer dea poppe

De 25-jierrige frou út Ljouwert dy't tiisdei foar de rjochter stiet foar de dea fan har acht moannen âlde poppe, hat in borderline-steurnis. Dat hat bliken dien út ûndersyk yn it Pieter Baansintrum. Boppedat hie de frou problemen mei drank en drugs.
De frou hat bekend dat se ûnder ynfloed wie op it momint dat har poppe swier ferwûne fûn waard. It jonkje ferstoar letter yn it sikehûs yn Grins. Neffens de frou hat se de poppe fallen litte. It Iepenbier Ministearje makket tiisdeitemiddei de eask bekend.