Presintaasje KadePodium

In eardere presintaasje fan Kunstkade yn de Prinsetún yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Alle Faber
De Ljouwerter keunstynstelling Kunstkade komt mei in nij evenemint foar de presintaasje fan de ferskate kursussen. KadePodium wurdt op sneon 14 juny hâlden yn stedsskouboarch De Harmonie yn Ljouwert. Dêrby is te sjen watfoar kursussen takom seizoen jûn wurde op it mêd fan ûnder oare dûns, teater, muzyk en taal. Kursisten jouwe ferskate optredens.