PvdA tsjin besletten gearkomst

Yn de polityk fan Eaststellingwerf is argewaasje ûntstien oer it fergaderjen achter sletten doarren. De PvdA fynt dat der tefolle besletten gearkomsten binne. De PvdA wol dêr net mear oan meidwaan en itselde jildt foar de oare partijen yn de opposysje fan Eaststellingwerf. Ferline wike waard al in gearkomste skrast, omdat de opposysjepartijen der net oan meidwaan woene. Neffens fraksjefoarsitter Simon ter Heide fan de PvdA giet it om in prinsipesaak.
It Eaststellingwerfs Belang fynt dat de PvdA 'spijkers op laag water' siket.
Neffens it Eaststellingwerfs Belang binne gearkomsten achter sletten doarren út en troch nedich, bygelyks as it om minsken of oer finansjele transaksjes giet. Der binne ek wolris besletten gearkomsten omdat it kolleezje de gemeenteried op 'e tiid ynformearje wol oer nije ûntwikkelingen, dy't noch net yn de iepenbierheid kinne. Mei it tal iepenbiere byienkomsten falt it neffens Eaststellingwerfs Belang wol ta. Neffens fraksjefoarsitter Henk Dongstra giet it op syn meast om trije oant fjouwer fergaderingen yn it jier.