Fytster ferwûne yn Frjentsjer

03 jun 2014 - 11:25

In frou fan 77 jier út Frjentsjer is moandeitemiddei ferwûne rekke by in oanriding yn har wenplak. It slachtoffer fytste oer de Klaarkampstrjitte doe't fan de Leeuwarderweg in auto oanriden kaam. De 42-jierrige bestjoerder botste tsjin de frou op. Se hie ferskate ferwûnings en moast mei de ambulânse nei it sikehûs.

Trefwurden: 
Frjentsjer ferwûne
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)