Twa ferwûnen by Parregea

Ambulânse © ANP XTRA
By in oanriding op de Sudergoawei yn Parregea binne moandeitejûn twa minsken ferwûne rekke. In 24-jierrige ynwenner fan Sondel krige op de krusing mei de Trekwei en de Angterperleane gjin foarrang fan in oare autobestjoerder. Dy man, in 55-jierrige ynwenner fan Gaast, rekke ek ferwûne.
Beide slachtoffers binne mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.