Disel út skip stellen

© ANP XTRA
Ut in binnenfeartskip oan de Plattedyk op De Lemmer is it ôfrûne wykein hast 1200 liter reade disel stellen. Ynbrekkers wisten de masinekeamer yn te kommen. It like derop as hiene se allinnich in kistfol ark meinaam. Letter ûntduts de skipper dat der ek likernôch 1200 liter disel ôftape wie. It is net dudlik hoe't de dieders dat foarinoar krige hawwe.
Wannear't de dieven krekt harren slach slein hawwe, is noch ek ûndúdlik. Dat moat tusken ferline wike woansdei en moandei west hawwe.