Grut tal ikeprosesjerûpen

Der wiene noch nea safolle ikeprosesjerûpen as dit jier. Gemeenten moatte gau mei de bestriding fan de rûpen begjinne. Dat is it advys fan de Universiteit fan Wageningen. De ûndersikers ferwachtsje folle mear oerlêst.
Der binne no al in hiel soad nêsten en dat is folle earder as oare jierren. Dat komt foaral troch it waarme maitiidswaar en de mylde winter.