Plofkreak op De Jouwer

03 jun 2014 - 04:36
  • De pinautomaat op De Jouwer nei de plofkreak
  • De pinautomaat waard opblaasd
  • De pinautomaat stiet tsjinoer it plysjeburo

Oan de Geert Knolwei op De Jouwer hat moandeitenacht in plofkreak west op de pinautomaat fan de ING. De plysje hat sketten op de fertochten. Dy binne dêrby mooglik ferwûne rekke. Plysjes fan in buro om de hoeke wiene der gau by en betrape de dieders, dy't dêrop útnaaiden yn in auto.

By de achterfolging waard de plysjeauto ramd. De plysjes lutsen harren wapen en hawwe in pear kear sketten op de dieders. De fertochten wiene mei twa auto's. De auto dy't brûkt is by de plofkreak is achterlitten. It is ûnbekend wat de dieders stellen hawwe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)