ONS hâldt sicht op titel

25 feb 2012 - 17:17

ONS hat sneontemiddei op it Sudersportpark mei 3-1 wûn fan DETO. ONS kaam al betiid yn de wedstriid op foarsprong troch in doelpunt fan Jurjen Bosch. Nettsjinsteande in tal grutte kânsen slagge it de Snitsers net om dien wurk te meitsjen yn de earste helte.

Fan alve meter sette Curty Gonzales de Snitsers yn de twadde helte op in feilige 2-0. Yn de 72e minút dienen de gasten út Vriezenveen noch wat werom. Gonzales sette mei syn twadde doelpunt de einstân op it boerd. ONS hâldt troch de oerwinning noch altyd sicht op de titel.

Trefwurden: 
fuotbal ONS
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)