Blog: Lêste rige yn Bynt

02 jun 2014 - 14:56

Dizze wike is de lêste rige yn Bynt oer ús helden fan de Special Olympics. Yn de oanrin nei de Nationale Spelen foar G-sporters op 13, 14 en 15 juny folget de Omrop in oantal sporters. Jûn begjint de rige mei in reportaazje oer it fuotbalteam fan Jeffrey dat coacht wurdt troch Foppe de Haan by ien fan harren lêste wedstriden yn de kompetysje.
Letter dizze wike is te sjen dat Alyce op besite is by Lutz Jacobi in Den Haach. Fansels wie de kuorbalpeal mei. Guon politisy hawwe in skot weage. Radioferslachjouwer Andor Faber wie ek mei nei Den Haach en makke de folgjende reportaazje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)