Alkoholklinyk fallyt

Alkoholklinyk Novae yn Drachten hat it fallisemint oanfrege. It oantal kliïnten bleau fier achter by de ferwachtings. Dêrtroch waarden de finansjele problemen te grut en fynt grutoandielhâlder Ferslavingssoarch Noard-Nederlân (VNN) it no nei in jier net langer ferantwurde jild yn de klinyk te stekken.
Novae jout soarch yn Drachten, Grins en Emmen. De 28 meiwurkers en de kliïnten binne moandeitemiddei op de hichte steld. De kontrakten fan de meiwurkers wurde net ferlingd. De kurator besjocht hoe't it fierder moat.