Ljouwerters pakt foar heling

02 jun 2014 - 13:51

Trije manlju fan 25, 26 en 46 jier út Ljouwert binne sneintenacht oanhâlden op fertinking fan heling. De plysje krige in tip dat in fyts stellen waard op de Foarstreek. Dy waard oantroffen by in wente yn de Balistrjitte. Trije manlju by it hûs binne oppakt. De plysje hat fjouwer fytsen yn beslach naam. Nei alle gedachten binne dy allegearre stellen. Fierders binne in boksbeugel en in ferskaat oan ark yn beslach naam.

De plysje ûndersiket wat de rol fan de manlju krekt is. Der wurdt proses-ferbaal opmakke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)