Folle mear geweld tsjin bern

02 jun 2014 - 12:18

It tal gefallen fan geweld tsjin bern is ferline jier flink tanommen. Buro Jeugdsoarch Fryslân krige ferline jier 1250 meldings. Dat is 24 persint mear as it jier dêrfoar. Der binne ek folle mear gefallen fan psychysk geweld tsjin bern. Neffens jeugdsoarch komt dat troch de ekonomyske krisis. Trochdat âlden harren baan kwytreitsje, ûntstean spannings dy't harren uterje kinne yn geweld.

Neffens direkteur Marianne Sinot fan Buro Jeugdsoarch Fryslân hat de plysje mear meldings krige fan húslik geweld tusken partners. Bern sjogge of hearre dat geweld faak en binne dêr dan de dupe fan. Boppedat is yn guon gefallen gas, wetter en elektrisiteit ôfsletten en dat jout ek húslike spannings. Yn oare gefalllen kinne beide âlden nei de skieding net oars as yn itselde hûs bliuwe, omdat de ferkeap fan it hûs net slagget fanwege de krisis.

Sinot wol dat skoallen, húsartsen en konsultaasjeburo's mear wach binne it sinjalearjen fan geweld tsjin bern.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)