Harkiten opnij mei 2-1 ûnderút

© awfoto.nl
Harkemase Boys ferlear sneontemiddei mei 2-1 yn en tsjin Barendrecht. De Harkiten kamen al betiid yn de wedstriid op foarsprong. Romano Denneboom, de nije oanwinst, kopte út in frije traap de 1-0 binnen. Dat wie ek de stân by rêst.
De Boys kamen nei de tee min út de klaaikeamers. Yn de tsiende minút fan de twadde helte kaam Barendrecht fertsjinne op likense hichte. In eigen goal fan Koos Werkman soarge foar de 2-1 einstân. Dat is opnij soer ferlies foar de Harkiten dy't ferline wike ek al mei 2-1 ûnderút gongen, doe tsjin Spakenburg.
Foar Romano Denneboom siet de wedstriid der nei 40 minuten al op. Mei in spierblessuere koe de âld-prof nei de kant. Erdem Yeni helle de ein fan de wedstriid ek net. Nei syn twadde giele kaart koe de Boys-middenfjilder te betiid ûnder de dûs. Foar Harkemase Boys is it de kommende wiken derop of derûnder. De striid tsjin degradaasje út de topklasse wurdt dreech.