Unyk sulver oankocht

02 jun 2014 - 11:13

De Ottema Kingmastichting hat ferline wike in unike 17de ieuke reisflesse mei sulverbeslach oankocht. De flesse út 1670 hat fan de fermogende Fries Hobbe Baerd fan Sminia west.

Foarsitter Douwe de Vries fan de Ottema Kingmastichting liet de oankeap moandei grutsk sjen op dia sjen by it begjin fan in grut sympoasium oer sulver yn De Harmonie yn Ljouwert. Foar dat sympoasium is in soad belangstelling. Sawat 250 leafhawwers en pommeranten binne derop ôfkaam.

It is moandei in bytsje 'sulverdei' yn Ljouwert. Moandeitemiddei wurdt in tsjok trijedielich boek oer Frysk sulver en goud presintearre. Moandei is ek de iepening fan in grutte útstalling oer Frysk sulver yn it Fries Museum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)