Enkête oer parkearfinjet

02 jun 2014 - 10:12

De gemeente Harns hâldt in enkête oer it parkearfinjet. Sûnt begjin dit jier moatte alle ynwenners fan Harns, Winaam en Mullum in spesjaal finjet keapje fan 2,50 euro om parkeare te kinnen yn de eigen wenplakken. Doel fan it finjet is om parkearoerlêst fan eilângasten tsjin te gean.

By de ynfiering fan de maatregel wie der in soad ferset yn Harns en yn de doarpen. De gemeente is no benijd nei de ûnderfinings fan de minsken mei it finjet. De enkête rint oant en mei 1 july.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)