V/d Meulen wint Eisingapartij

01 jun 2014 - 17:35
  • De earste frije formaasjewinst fan dit seizoen
  • Koos Wieling praat mei de kening Johan

De Eise Eisingapartij yn Dronryp is snein in proai wurden foar it partoer fan Johan van der Meulen, Renze Pieter Hiemstra en Hylke Bruinsma. Yn de finale wie it trijetal mei 5-1 en 6-6 te sterk foar Jan Dirk de Groot, Dylan Drent en Hans Wassenaar.

Yn de heale finale wienen De Groot-en-dy mei 5-5 en 6-6 te sterk foar Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Daniël Iseger, dy't de lytse preemje pakten. Johan van der Meulen waard yn Dronryp ta kening útroppen.

Marten Feenstra, de kening fan ferline jier, gong mei Martijn Olijnsma en Pier Piersma yn spannende striid yn de twadde omloop mei 5-5 en 6-4 ûnderút tsjin Van der Bos-en-dy.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)