Dyk A7 ticht om autobrân
De A7 by It Hearrenfean rjochting de Ofslútdyk hat sneintemiddei in skoft ticht west om't in auto mei dêryn in gasflesse yn de brân flein wie. Om healwei fiven wie it fjoer út en waard de dyk wer frijjûn. Der hat in koarte file west.