Mid-Fryslân en De Hoeve der út

01 jun 2014 - 16:22

De kuorballers fan Mid-Fryslân binne snein degradearre út de haadklasse troch it 13-11 ferlies tsjin SCO. Op eigen fjild seach Mid-Fryslân by rêst tsjin in 8-6 efterstân oan. Nei rêst bleau dizze marzje yntakt en wie degradaasje in feit foar de ploech út Reduzum en Grou. Troch de winst is SCO wis fan haadklasse kuorbal takom seizoen.

Degradaasje wie der ek foar De Hoeve, dy't mei 19-13 ferlear fan HKV/Ons Eibernest. Trochdat AWDTV ferrassend mei 20-17 wûn by kampioen LDODK, is debutant De Hoeve takom jier wer oergongsklasser.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)