Koster 4e by Ronde Ronostrân

01 jun 2014 - 16:13
  • Hurdfytsen

Hurdfytster Anouska Koster fan De Westereen is snein fjirde wurden yn de Ronde om it Ronostrân. De winst fan de 31ste edysje gong nei Natalie van Gogh. Yn de massasprint wist se Janine van der Meer en Kelly Markus foar te bliuwen. Melissa Steenhof fan Oerterp einige as tsiende.

By de manlju gong de winst nei Nick van der Meer út Honselersdijk. Hy wist Jurgen van Diermen en Peter Merx foar te bliuwen. Jorrit Bergsma fan Aldeboarn wie mei in njoggende plak de bêste Fries. Durk Fabriek waard alfde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)