Feansters winne fan Dalen

De fuotballers fan Hearrenfean hawwe snein goede saken dien yn de striid om hanthavening yn de earste klasse. Op eigen fjild wûnen de Feansters mei 2-0 fan twadde klasser Dalen. Yn de 17e minút sette Jordi Kouwenhoven de Feanster iepeningstreffer op it boerd. Dêrnei sakke it tempo wat yn. Nei rêst soarge Tobias Draaisma foar de 2-0, wat ek de einútslach waard.
Nei wike stiet de return yn Dalen op it programma, dêr't Hearrenfean him feilich spylje kin.