Rekôr helle: grutste gehakbal

01 jun 2014 - 15:27
  • Grutste gehakbal yn Ljouwert

De grutste gehakbal fan de wrâld is yn Ljouwert makke. Slachterij De Skrâns hat de bal fan 643 kilo makke. It fleis hat tritich oeren yn de oven west om gear te wurden. It gehak siet yn in spesjaal makke stielen mal. Slachter Johannes Hoekstra ferkeapet fan de bulte fleis broadsjes gehak foar it goede doel. It jild giet nei it Ronald McDonaldhûs.

It âlde rekôr stie op namme fan The Columbus Italian Club út Amearika, dy't in gehakbal fan goed 503 kilo makke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)