Manon Kamminga wint op 'e nij

01 jun 2014 - 11:47
  • Manon Kamminga

Manon Kamminga fan It Hearrenfean hat sneon mei oermacht har Nederlânske titel skeelerjen prolongearre. Lykas ferline jier wie se oppermachtich op it NK yn Nijeveen. Utsein it ûnderdiel ôflossing skreau se alle ôfstannen op har namme. By de ôflossing gong ien fan har teamgenoates ûnderút by de wiksel. Se helle meielkoar fiif gouden medaljes op.

By de manlju ferlear Mark Horsten fan It Hearrenfean krekt de spannende finale fan de 500 meter fan Michel Mulder. Horsten pakte wol de Nederlânske titel op de puntekoers, ôffalkoers en 1000 meter.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)