Balk wint fan Blau Wyt '34

Balk is wer in stap by it hanthavenjen yn de earste klasse troch mei 4-0 te winnen fan Blau Wyt '34. Op sportpark De Wilgen gong de striid de earste helte noch lykop, mei kânsen oan beide kanten. It publyk moast lykwols lang wachtsje op doelpunten.
Yn de 56e minút bruts Wybren Visser de ban foar de thúsploech en sette Balk op 1-0. Doe wie de hânremme der ôf by de Balksters en soargen Arjan Pietersma en Johannes Altena foar de 3-0 foarsprong. Johan Geertsma makke in kertier foar de 4-0 en soarge dêrmei foar de romme oerwinning.
Nije wike stiet de return op it programma op sportpark Wiarda yn Ljouwert.