Jongeren mear lêst fan geweld

31 maaie 2014 - 15:37

Fryske jongeren hawwe hieltyd faker te krijen mei swier fysyk en psychysk geweld. Ek it oantal fjochtskiedings nimt ta. Dat skriuwt Buro Jeugdsoarch yn it jierferslach. Yn 2012 wiene der goed tûzen meldings fan húslik geweld, mar dat oantal is ferline jier oprûn nei 1250.

Buro Jeugdsoarch stelt dat it dreech is om by sokke gesinnen binnen te kommen. Se hawwe faak gjin netwurk om op werom te fallen en helpferlieners binne faak net wolkom.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)