Grou wint einklassemint Ahoy

31 maaie 2014 - 15:23

Douwe Visser fan Grou hat it einklassemint fan de 32ste edysje fan Lemmer Ahoy wûn mei 12 punten. Twadde waard It Lemster skûtsje mei Albert Visser mei 13 punten, en it tredde plak wie foar Douwe Visser mei de Sneker Pan dy't einige op 14 punten. It wie spannend, de nûmers 1, 2 en 3 sieten hiel tichtby elkoar.

It Huzumer skûtsje hat sneon de fyfde en lêste wedstriid fan Lemmer Ahoy wûn. Twad waard it IFKS-skûtsje de Lytse Lies fan Tony Brundel. Tred waard it skûtsje fan Grou en as fjirde einige de Raerder Roek.

De fjirde wedstriid, earder op de dei, waard wûn troch De Jouwer. Oan Lemmer Ahoy dienen dit jier in rekôrtal fan 62 skûtsjes mei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)