Kriminele kannabisbinde oprôle

25 feb 2012 - 14:20
  • Himp

De plysje Grinslân hat fiif manlju oanhâlden dy't fertocht wurde fan grutte hannel yn kannabis. Op basis fan ûndersyk binne op trettjin plakken yn Noard-Nederlân en België ynfallen dien yn himpkwekerijen. Ien fan dy plakken wie yn Burgum. De fertochten binne manlju tusken de tweintich en sechstich jier. Fjouwer komme út Grinslân en ien hat gjin fêst wenplak.

Njonken de hannel yn kannabis wurde de fiif ek fertocht fan dielname oan in kriminele organisaasje. De plysje slút mear oanhâldings yn 'e saak net út.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)