Kweldersintrum krijt karmerk

31 maaie 2014 - 12:55

It Kweldersintrum Noarderleech by Hallum hat sneon it karmerk Waddengoud krigen. Dat is in karmerk dat oanbean wurdt oan unike produkten of tsjinsten yn it Waadgebiet. Neffens de Stichting Waddengroep is it sintrum in foarbyld fan duorsumens. Se brûke griene stroom, wetterpompen, sinnepanielen en wetterbesparjende kranen.

It ynformaasje- en moetingssintrum fan It Fryske Gea is ferline jier iepene. Doel is alle jierren 15.000 à 20.000 ynternasjonale besikers te lûken. It sintrum hâldt sneon iepen dei fan 12.00 oant 16.00 oere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)