Bromfytser yn de fout
De plysje hat freedtenacht yn Ljouwert in jonge (16) út Hoogeveen oppakt om't er ferskate oertrêdings makke hie mei syn bromfyts. De fertochte ried op de Zuidergrachtswal sûnder helm, ferljochting, fersekering en rydbewiis. Ek wie de útlit fan de bromfyts stikken. By syn oanhâlding fûn de plysje ek noch pepperspray. De spray en de bromfyts binne yn beslach naam.