Snitser fytser mishannele

25 feb 2012 - 13:57

Trije Snitsers fan 22, 23 en 26 jier binne freedtenacht op de Easterdyk yn Snits oanhâlden op fertinking fan geweld yn it iepenbier. It trio luts in 24-jierrige ynwenner fan Snits samar fan de fyts en sloech him.

De plysje wie der gau by en koe de trije fertochten oanhâlde. Ien fan harren woe de oanhâlding fan in maat tsjinhâlde en fersette him fûl. Dêrby sloech en misledige er ek noch ien fan de plysjeminsken. De trije manlju binne ynsletten op it plysjeburo foar neier ferhear.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)