Oldtimer Rally wer úteinset

31 maaie 2014 - 10:12

Yn Wikel is sneon de Alvestêde-oldtimer Rally begûn, it grutste evenemint fan Europa mei mear as 400 auto's en 200 motoaren dy't foar 1950 makke binne. It grutste part fan de auto's en motoaren komt út de jierren tweintich en tritich.

Se ride by de alve stêden del, fan Drylts, Snits, Ljouwert, Dokkum, Frjentsjer, Harns, Boalsert, Warkum, Hylpen en Starum. Se einigje yn Sleat. De rally bestiet sûnt 1985.

Sjoch hjir foar de webside fan de rally.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)